Auto op it iis by ûngelok

09 feb 2012 - 10:15

Op de Westergoawei by Spannum is tongersdeitemoarn in bestjoerster mei de auto op it iis rekke. It iis op de feart wie sterk genôch, sadat de auto der net trochgie. De frou koe sels sûnder ferwûnings út de auto komme.

De frou wie troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke, ramde in stek en bedarre in meter leger op de feart. De helptsjinsten wiene manmachtich útrukt, mar dat bliek net nedich.

Trefwurden: 
ûngelok auto iis Spannum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)