Minder Fryske skoalferlitters

16 jan 2014 - 12:31

Der geane hieltiid minder learlingen sûnder diploma fan skoalle. Dat hat minister Bussemaker fan ûnderwiis bekend makke. Dizze positive trend jildt ek foar Noardwest-Fryslân. Yn Fryslân is de kâns op in diploma it grutst by ROC de Friese Poort. De skoalle hat mei har 3,7% sa'n trije prosint minder útfal as oare ROC's yn Nederlân.

Foar de learlingen dy't fan skoalle driigje te gean sûnder diploma is der yn Noardwest-Fryslân in spesjaal Rebound-programma.

It programma duorret trije moanne en bestiet út byspikerjen en persoanlike begelieding, mar ek sport en itensiede. Trijekwart fan dizze potinsjele drop-outs hellet letter toch in diploma op de eigen skoalle. Op Rebound sitte 16 learlingen yn twa klassen fan acht.

Elts skoaljier meitsje sa'n 50 learlingen gebrûk fan it Rebound-programma. It giet foaral om jonges dy't gebrûk meitsje fan Rebound, famkes binne yn de minderheid. Nei trije moanne giet 90 % fan de learlingen nei har âlde skoalle werom. Rebound bestiet no seis jier. Troch de ynset fan Rebound is it tal skoalferlitters op de skoallen yn Noardwest-Fryslân folle leger wurden as foar dy tiid. Rebound-learlingen dy't nei har âlde skoalle weromgeane wurde de earste wiken noch wol ekstra begelaat.

Trefwurden: 
skoallen útfal Rebound
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)