Rianne de Vries EK shorttrack
Shorttrackster Rianne de Vries fan Lúnbert docht fan freed ôf mei oan de Europeeske kampioenskippen yn Dresden. De KNSB hat har it tredde en lêste yndividuele plak jûn.
Jorien ter Mors en Yara van Kerkhof wienen al wis fan in startbewiis. By de manlju dogge Sjinkie Knegt fan Bantegea, Niels Kerstholt en Freek van der Wart mei op de yndividuele shorttrack-nûmers.