Plysje rydt hurdrider klem

16 jan 2014 - 12:09

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 38-jierrige man út Tytsjerksteradiel yn Twizelerheide klemriden nei in achterfolging. De fertochte hie in stopteken krigen om't er fierstente hurd binnen de beboude kom ried. De man negearre it stopteken en naaide út.

By syn arrestaasje die bliken dat de man ynbrekkersguod yn de auto hie. Hy hie ek gjin rydbewiis en de auto wie net keurd of fersekere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)