Slinger jaan oan huzeferkeap

16 jan 2014 - 12:05

Yn Ljouwert is tongersdei it startskot jûn foar it 'Woonoffensief'. Doel hjirfan is om benammen huzen ûnder de twa ton te ferkeapjen. Dat binne der op dit stuit 5500. De provinsje en alle gemeenten wurkje mei oan it offinsyf.

Minsken krije ûnder oare koarting op de oankeapmakeler en der is jild beskikber foar it opknappen of enerzjysuniger meitsjen fan wenten. It doel is de wenningmerk yn de provinsje út it slop te heljen en te soargjen foar ekstra wurk foar boubedriuwen. De NVM ferwachtet in ferdûbeling fan de ferkeap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)