Winkeldieven pakt yn Boalsert

Plysje-embleem © ANP
Twa winkeldieven binne by in kontrôle woansdei op de Snitserstrjitte yn Boalsert oppakt. De twa hienen in grutte steapel toskpoetsersguod, kosmetika, 90 spuitbussen en twa nije jassen yn de auto.
De fertochten, twa bûtenlânske manlju fan 24 jier, koene gjin ferklearring jaan oer wêr't it guod weikaam. De twa binne bekenden fan de plysje.