Gjin mearderheid nij Thialf

08 feb 2012 - 21:01

Der is op dit stuit gjin mearderheid yn provinsjale steaten foar in nij Thialf by it Abe Lenstrastadion. Dat die woansdei bliken by de kommisjegearkomste oer it ûnderwerp.

De PvdA giet foar nijbou fan de iistempel op it hjoeddeistige plak. Koälysjepartner CDA set lykwols yn op nijbou by it Abe Lenstrastadion. John Bos fan de stjoergroep Nij Thialf tinkt dat er de steaten noch wol oertsjûgje kin fan it nut en de needsaak fan nijbou by it Abe Lenstrastadion. Oer twa wiken nimme de steaten in beslút.

Trefwurden: 
nijbou PvdA Thialf iishal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)