22 rayonhaden om 'e tafel

08 feb 2012 - 19:20

Alle rayonhaden binne woansdei op 'e tiid oankaam by it WTC yn Ljouwert. Sy binne dêr foar de grutte gearkomste oer it al of net trochgean fan 'e Alvestêdetocht. By it nei binnengean litte se witte dat se it in spannende gearkomste fine. Se wolle har lykwols noch net útsprekke oer in eventuele datum.

Neffens de rayonhaden is it iis oer it algemien tige goed, allinnich de dikte is in punt fan soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)