Soarch om riders by sluzen

© Omrop Fryslân: Onno Falkena
De gemeente Harns warskôget reedriders om foaral net foarby de ôfsetting fan de Tsjerk Hiddesluzen te riden.
De iiswegesintrale hat de linten ophongen om't it iis op dat trajekt noch tige gefaarlik is. Riders ride lykwols hieltyd faker ûnder de linten troch of meitsje se sels folslein stikken. Dat kin libbensgefaarlik wêze, sa warskôget de gemeente.