Koelkonteners by plysjeburo

By it plysjeburo yn Ljouwert binne woansdei twa koelkonteners delset. Dy binne bedoeld foar it iten fan plysjeminsken dy't eventueel wurkje moatte by in mooglike Alvestêdetocht. Yn de konteners wurde gehakballen en boerekoal bewarre.
De plysjeminsken hawwe earder al te hearren krigen dat se rekken hâlde moatte mei de mooglikheid dat se dit wykein wurkje moatte.