Jorrit Bergsma wint NK maraton

08 feb 2012 - 16:23

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is foar de twadde kear kampioen wurden by it NK maraton op natueriis. Op de iisflier fan de Rietplas by Emmen bleau Bergsma alle konkurrinten foar. Yn de slotfaze ûntsnapte er út in kopgroep en joech syn foarsprong net mear út hannen.

Yn 2010 wie Jorrit Bergsma ek al de bêste op it natoeriis fan 'e Súdlaardermar. Simon Schouten fan Andijk waard twadde, Rick Smit út Hem tredde. Oare Fryske favoriten lykas Arjan Stroetinga en Bob de Vries kamen der net oan te pas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)