By Tocht fergees omboek by KLM

08 feb 2012 - 16:00

As de Alvestêdetocht trochgiet meie passazjiers fan de KLM har ticket fergees omboeke. Dat jildt lykwols allinnich foar dyjinge dy't in startbewiis foar de tocht hawwe. It giet om minsken dy't op de dei fan de tocht fleane, de dei derfoar of de dei dernei.

It bedriuw kaam op it idee troch in reaksje fan in rider op facebook. Dy sil moandei op houliksreis en makke him soargen oer syn flucht en de mooglike tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)