Brieve-aksje tsjin sneinstocht

08 feb 2012 - 15:39

De organisaasje Christenen voor Nederland komt mei in aksje om in mooglike Alvestêdetocht op snein tsjin te hâlden. De beweging hat in foarbyldbrief makke dy't minsken oernimme kinne en nei it bestjoer fan de Alvestêdetocht stjoere kinne. Dêryn wurdt de soarch utere dat de snein ûnthillige wurdt as de tocht dan hâlden wurde soe.

Boppedat soene minsken dy't prinsipjeel net op snein ride wolle dan gjin kâns krije om mei te dwaan oan de tocht.

Foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening sei earder fan 'e wike dat as snein de iennichste opsje is foar in Alvestêdetocht, dy dan ferriden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)