NOS drok mei tariedings

© Anton Kappers
NOS-regisseur Martijn Lindenberg hopet dat de mediahype net folle grutter wurdt. "Maak het niet groter dan het is". Mocht de tocht trochgean dan is de NOS net fan doel oeral kamera's op te setten, mar fral safolle mooglik fan de tocht ûnderweis sjen te litten.
Lindenberg is op dit stuit drok oan de gong mei de tariedings foar de eventuele tocht. Net mear as regisseur, mar hy sil oer de skouders fan de oare regisseurs meisjen. Martijn Lindenberg wie regisseur foar de NOS fan de lêste trije tochten.