Dichter Bruinja nominearre

08 feb 2012 - 14:55

De Fryske dichter Tsead Bruinja is ien fan de trije nominearre dichters foar de Ida Gerhardtpoëziepriis. Dat is in priis dy't alle jierren troch de gemeente Zutphen útjûn wurdt. Oan de priis is in jildbedrach fan 2,5 tûzen euro ferbûn.

Njonken Bruinja is ek Henk van der Waal nominearre én de dichteres Anne Vegter, dy't har jeugd yn Surhústerfean trochbrocht hat. Op 16 maart wurdt de winner fan de Ida Gerhardtpriis bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)