Blauhúster dakkapel op rûte

08 feb 2012 - 14:16

De Blauhúster Dakkapel hat woansdeitemoarn stiekem oan it oefenjen west op de Alvestêderûte. It ferneamde dweilorkest spile by de Wetterpoarte yn Snits. It orkest luts fuortendaliks de oandacht fan de reedriders.

De muzikanten binne al sûnt de jierren santich by elkoar en trede by allegear grutte eveneminten op. De Blauhúster Dakkapel spilet dit jier foar it lêst. Yn novimber nimt it orkest ôfskied fan syn publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)