Fergese winkelromte De Gordyk

16 jan 2014 - 09:34

De middenstân fan De Gordyk hat in aksje opset om de leechstân fan winkels yn it sintrum te kearen. Startende ûndernimmers is frege om in bedriuwsplan yn te stjoeren foar in suksesfolle en attraktive winkel. De ûndernimmer mei it moaiste inisjatyf krijt dan foar in healjier in besteand leechsteand winkelpân fergees oanbean. Fan de seis plannen binne trije finalisten selektearre, in boartersguodwinkel, in kreative winkel en in outletwinkel foar merkklean.

Tongersdeitejûn makket de sjuery bekend hokker winkel de wedstriid wûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)