Yvonne Spigt wint NK maraton

08 feb 2012 - 14:08

Yvonne Spigt út Wervershoof hat woansdei yn Emmen it NK maraton op natueriis wûn. Se kaam nei santich kilometer solo oer de finish. Foar Rixt Meijer fan It Hearrenfean einige it NK sneu. Meijer wie mei Spigt útnaaid, mar kaam by it yngean fan de lêste omloop ûngelokkich te fallen, sadat Spigt ûntsnappe koe. Meijer waard noch wol twadde.

De sprint fan de achterfolgjende groep waard wûn troch Carla Zielman út Rottum. Andrea Sikkema fan Aldeberkeap waard fiifde, Elma de Vries achtste en Wieteke Cramer njoggende.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)