Twa dieders by oerfal Drachten

Tankstation Total oan De Eems yn Drachten is woansdeitejûn oerfallen troch twa dieders. By de oerfal wie allinnich in meiwurkster oanwêzich yn it tankstasjon, sy rekke net ferwûne. De dieders hawwe in lytse bût meinommen en binne op in fyts útnaaid. Om tweintich oer seizen krigen de plysje de melding binnen. Op it plak sels is troch de technyske resjerzje ûndersyk dien nei spoaren. It ûndersyk wurdt noch fierder útwurke.
De plysje is op syk nei tsjûgen dy't wat sjoen hawwe.