Lintsje foar Geertje Deinum

15 jan 2014 - 20:16

De 60-jierrige Geertje Deinum út Ljouwert hat woansdeitejûn yn supportershome 't Hertje yn it Cambuurstadion in Keninklike ûnderskieding krigen. Frou Deinum waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Sûnt 1979 is se frijwilliger by Sportklup Cambuur, dêr't se ferskate taken hat. Sa besocht se ûnder oare sike frijwilligers, fersoarge se de wask en makke de kantine skjin. Op dit stuit is frou Deinum haad personiel en hoareka.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)