Boerebelesting ûnderhâld diken

Twa Fryske PvdA'ers wolle it ûnderhâld en de feiligens fan plattelânsdiken better betelber meitsje foar gemeenten troch in aparte belesting foar boeren yn te fieren. As it oan Remco Admiraal en Jelle de Visser leit komt der in boerebelesting fan twa promille fan de taksearde grûnwearde. Om soks mooglik te meitsjen, moat de wet wol feroare wurde.
De plattelânsdiken ha bot te lijen ûnder it hieltyd swierdere lânbouferkear. Boppedat wurdt it boere-ark hieltyd breder wêrtroch der fytspaden nedich binne om de diken feilich te hâlden.
Neffens Admiraal en De Visser kinne de boeren de belesting fan twa promille bêst betelje. De wearde fan de boeregrûn is stadichoan tanaam en de fertsjinsten út molke en oare produkten ek, sa fine de PvdA'ers. Dêr komt de ynkommensstipe fan de Europeeske Uny noch by.