Drokke Bartlehiemer toertocht

08 feb 2012 - 13:23

Oft de Tocht der Tochten trochgean kin, is noch altyd de fraach. Mar it winterwaar soarget der wol foar dat in soad oare toertochten útskreaun wurde. Foar it earst sûnt 1997 wurdt woansdei wer ris de Bartlehiemtocht ferriden. In toertocht fan 12, 30 of 50 kilometer tusken Alde Leie en Dokkum, oer de Alvestêderûte. Dat lûkt fansels hiel wat folk en net allinne út Fryslân.

De organisaasje is yn hannen fan de Ferwerter iisklup. Alle 2000 kaarten binne fuort. Der wiene ek alwer bydrukt. Yn Dokkum en Burdaard wie it it drokst.

Trefwurden: 
iis Bartlehiemtocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)