Himp op It Hearrenfean
Op It Hearrenfean hat de plysje woansdei nei in tip in himpkwekerij fan 800 planten fûn. De planten sieten yn in bedriuwsgebou oan de Uhlweg. Twa Feansters fan 31 en 39 jier binne oanhâlden en foar neier ûndersyk ynsletten. De stroom waar yllegaal ôfnommen.