Stúdzjebeurs yn wettersektor

15 jan 2014 - 17:02

Wetterskip Fryslân rikt tongersdei fiif stúdzjebeurzen út oan studinten dy't ynteressearre binne yn de wettersektor. Dêrmei wol de organisaasje mear jong talint oan har bine. Ek al profilearret Fryslân him as Capital of Water Technology, it Wetterskip hat noch altyd muoite om jonge minsken binnen te heljen. De beurs bynt de studinten twa jier lang oan de organisaasje en kin mear ûndersyk mooglik meitsje.

De studinten komme fan Wetsus, NHL Hegeskoalle en fan in MBO-ynstelling.

De stúdzjebeurzen wurde mei mooglik makke troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu en wurde útrikt by it sympoasium WaterLink yn it WTC yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)