Frou biedt stellen fyts oan

© ANP XTRA
In 21-jierrige frou út De Westereen is tiisdeitejûn oanhâlden yn har wenplak. De plysje fertinkt har fan it helen fan in fyts. Op ynternet hie se in fyts te keap oanbean. De eigeneresse koe har fyts werom dy't stellen wie en belle de plysje. Yn it hûs troffen de plysjemannen neist dy iene fyts noch fyftjin oare fytsen oan. De plysje tinkt dat dy ek stellen binne en hat alles yn beslach naam. De frou is meinaam nei it buro foar neier ûndersyk.