Baukje de Vries opnij riddere

15 jan 2014 - 12:35

Horeakafrou Baukje de Vries út Ljouwert is tiisdeitejûn foar de twadde kear riddere yn de Oarder fan Oranje Nassau. De eigeneresse fan de Ierske pub Paddy O 'Ryan krige de ûnderskieding útrikt op de Horecava yn Amsterdam troch boargemaster Crone fia in spesjale fideoferbining. Baukje de Vries wie ein 2012 al earder riddere, mar rekke de ûnderskieding en de oarkondes dy't dêr byhearre kwyt troch de grutte brân op 19 oktober yn de Ljouwerter binnenstêd. Ek it hûs fan De Vries en al har besittingen giene derby ferlern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)