Wâlden klassiker giet oer

De tsiende Fryske Wâlden klassiker giet dit jier net troch. De organisaasje fan de hurdfytswedstriid mei start en finish yn Burgum kin net genôch sponsors fine. It evenemint stie pland foar 13 april mei op it programma in koers foar junioaren en in koers foar elite/belofte-riders. De stichting Wielercomité Burgum bliuwt bestean en hopet de koers takom jier wol wer hâlde te kinnen. De hurdfytserij hat it dreech. By de profesjonals ferdwine teams troch de ekonomyske krisis en dopingnijs.