Rappe rider by Wurdum pakt
De plysje hat tiisdeitemiddei by Wurdum it rydbewiis fan in 22-jierrige automobilist út Sint Anne ynnaam. De man hie 122 op de teller stean, wylst der mar 70 kilometer yn de oere tastien is. De man is betrape mei in lasergun. Neist dat er syn rydbewiis ynleverje moast, hat er ek in proses-ferbaal krigen.