Beleef Fryslân nei boatebeurs

Beleef Friesland stiet dit jier net mei in promoasje-stand op de Vakantiebeurs yn Utrecht. De promoasje-organisaasje fynt de kosten te heech en is fan betinken dat de measte beursbesikers wol witte wat Fryslân foar toeristen te bieden hat.
Beleef Friesland kiest der dan ek foar om grut oanwêzich te wêzen yn Düsseldorf dêr't op dit stuit wer de grutste boatebeurs fan Europa hâlden wurdt. De beurs yn Dútslân is foar ûndernimmers en it promoasjeburo ynteressant om't dêr besikers út tal fan Europeeske lannen op ôfkomme.