Kâns trochgean Tocht lytser

08 feb 2012 - 12:43
  •  iis mjitte Bonkefeart

De kâns op in Alvestêdetocht liket hieltyd lytser. Tiisdeitenacht wie de temperatuer twa of trije graden ûnder nul en de kâns dat it iis mei sa'n temperatuer ynienen hiel bot groeit, is net sa grut. Mar der binne ek opstekkers. Op plakken dêr't it earst net opskeat, giet it no ynienen hurd. It is blykber in proses dat him dreech of miskien sels wol hielendal net echt foarsizze lit.

Sjogge we bygelyks nei de Luts, dêr't se wakker har bêst diene mar it net opskeat, dan leit dêr no 9 sintimeter en dat is boppe ferwachting.

Dat jildt ek foar Galamadammen. Op plakken dy't earst noch oanmerkt waarden as 'swak' leit no 11 sintimeter. De wyn wurdt no ek spulbrekker, sa tinkt rayonhaad Thomas Beuker fan Warkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)