Friesland Flyers nei natueriis

© Nicolien Sijtsema
Spilers fan it earste team fan de Friesland Flyers ruilje woansdeitemiddei it keunstiis fan Thialf yn foar it natueriis op de banen fan Oranjewâld en Aldskoat. Se litte de jongerein middels in clinic yn 'e kunde komme mei iishockey. It idee komt fan in supporter.
Yn de mande mei de supportersferiening binne de plannen útwurke. De spilers binne fan ien oere ôf yn Aldskoat en om fjouwer oere yn Oranjewâld.