Nije krúske leit klear

Alvestêdekrúske © Omrop Fryslân
It binne spannende dagen foar de Ljouwerter grafysk ûntwerper Barbara Jonkers. As der in Alvestêdetocht komt, krijt elkenien dy't him útrydt in ûntwerp fan har mei. It nije keninklike Alvestêdekrúske is fan har hân. Mar dêr bliuwt it dizze dagen net by. Wa't woansdeitejûn de ferwachte parsekonferinsje fan de Alvestêdeferiening sjocht, sjocht dan in nije troch Jonkers ûntwurpen achtergrûn.
De feriening waard yn 2009 Keninklik en dêr is doetiids it krúske op oanpast. Mar it wachtsjen is dus noch op de earste kear dat dy krúskes útrikt wurde.