Leger yn aksje op Hegemermar

07 feb 2012 - 22:03

Goed fyftich soldaten feie woansdei de Hegemermar skjin om in alternative Alvestêderûte klear te meitsjen. It iis is te min om mei grut materieel te feien, dêrom moat alles mei de hân dien wurde. De rûte sil brûkt wurde as alternatyf foar de Luts by Balk. Mooglik giet de wedstryd al oer de Luts, mar de toertocht soe útwike kinne nei de Hegemermar.

Woansdei wurdt it stik tusken Wâldsein en Elahuzen oanpakt. Omdat it iis op de mar ek noch min is, moatte de soldaten goed ferspraat oer it iis oan it wurk.

It giet om soldaten fan de 43e brigade út Havelte. Brigadegeneraal Hans van der Louw hat tasein dat it leger ree is om mear manskippen nei Fryslân te stjoeren as dat nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)