Werkplein Ljouwert wer iepen

07 feb 2012 - 17:35
  • Wetterskea

It gebou fan it Werkplein yn Ljouwert, it eardere CWI, is fan woansdei ôf wer iepen foar publyk. It kantoar strûpte dit wykein ûnder neidat in wetterlieding sprongen wie en wie dêrtroch moandei en tiisdei ticht.

Skjinmakploegen ha de hiele nacht trochwurke om it wetter wer op te romjen. De measte romten kinne wer brûkt wurde en dus kinne ek de goed 100 meiwurkers der wer oan it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)