Skossen Blikfeart fuortskrabe

07 feb 2012 - 16:44

De skossen dy't yn de Blikfeart makke binne troch it wurk oan de noardlike Alvestêdefarrûte, binne tiisdei fuortskrabe mei in kraan. Om de wettersport yn it gebiet te ferbetterjen wurdt it wetter ferbrede en wurde nije oanlisplakken makke. Ek wurdt in nije wâlbeskoeiing oanlein.

De oannimmer is 31 jannewaris ophâlden mei it wurk, omdat yn it kontrakt fêstlein is dat it rayonhaad it wurk stillizze mei. Omdat der doe al iis lei, leit it fol skossen yn de Blikfeart.

De oannimmer hat tiisdei by Froubuertstermole twa kranen oan it wurk set om te skraabjen. Mei in poerbêst resultaat, neffens de gemeentewurdfierder fan Ljouwerteradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)