Iebrêge Dokkum wer klear
De Iebrêge yn Dokkum docht it wer. De brêge waard tiisdei iepene om in iismasine troch te litten. Dêrnei woe er net mear del.
It ferkear op de rûnwei fan Dokkum waard omlaat en de gemeente Dongeradiel advisearre de minsken om fia de Lauwersseewei Dokkum yn te riden. In monteur hat de saak oplost.