Soad drokte by Bonkefeart

Op en om de Bonkefeart by Ljouwert wie it tiisdeitemiddei smoardrok. De parkearde auto's stiene hast oan Aqua Zoo ta. In soad reedriders stappe de Bonkefeart op om in stik fan de Alvestêderûte te ferkennen.
De baan rjochting Aldtsjerk leit der no yn. De noardkant fan de rûte is folle better as de súdkant, al binne der ek op de noardlike rûte noch wol de nedige wynwekken dy't mei iistransplantaasjes tichtmakke wurde.