Startkaart net oer te dragen

07 feb 2012 - 14:13

Leden dy't har startkaart oan de Alvestêdetocht oerdogge oan in oar wurdt mooglik it lidmaatskip fan de feriening ûntnommen. It bestjoer tinkt dêr serieus oer nei, mar moat it noch definityf beslute. Se krije ek dit jier wer in soad fragen fan minsken dy't har kaart beskikber stelle wolle oan in oar, mar dat mei beslist net.

De kaart is bûn oan de persoan en dat wurdt by start en finisj ek kontrolearre. Der belje ek bekende Nederlanners dy't sûnder kaart ride wolle, mar ek dat is perfoarst net oan de oarder.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht startkaart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)