Alvestêdeferiening platbelle

07 feb 2012 - 13:00

De organisaasje fan de Alvestêdetocht wurdt dizze dagen platbelle en ek de mails streame binnen. De fjouwer telefoanlinen binne hieltyd beset en der binne al mear as 700 mails binnenkommen. Minsken biede fan alles oan en hawwe in soad fragen oer startkaarten en slieperij.

It oantal folgers fia Twitter is yn in pear dagen oprûn nei mear as 9000. En de webside is al mear as 3 miljoen kear besjoen. De meast stelde fragen wurde fia de webside beantwurde en it advys is om foaral net te beljen, mar in mail te stjoeren.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)