Fergese sliepplakken oanbean

07 feb 2012 - 12:53

De Feriening de Friesche Elfsteden biedt fergese sliepplakken oan foar dielnimmers oan de tocht. Dat sizze se as reaksje op de kommersjele aktiviteiten dy't no ûntstean, lykas de boekingssite en it Cambuurhotel.

Sadree't it wis is dat de Alvestêdetocht trochgiet wurde de ynwenners fan Ljouwert oproppen om sliepplakken beskikber te stellen. Dy adressen wurde dan trochjûn oan de dielnimmers dy't dêr gebrûk fan meitsje wolle. As dat net genôch adressen opsmyt, kin de feriening ek gebrûk meitsje fan sportsealen en bedriuwskantines.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)