Oerlis RWS oer draaiboeken

07 feb 2012 - 11:34

By Rykswettersteat is tiisdeitemiddei oerlis oer de komst fan in mooglike Alvestêdetocht. De draaiboeken sille neirûn wurde en dêr't dat nedich is oanpast. Rykswettersteat is ferantwurdlik foar de rykswegen en de ferwachting is dat - as de tocht trochgiet - it smoardrok wurdt by de tagongsdiken fan ús provinsje.

Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat ferwachtsje se net dat se nei it oerlis al maatregels nimme sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)