Bergsma en De Vries net nei WB

07 feb 2012 - 11:12

Jorrit Bergsma en Douwe de Vries reizgje net ôf nei Hamar foar de wrâldbekerwedstriden fan it kommende wykein. De beide maratonriders ride woansdei it Nederlânsk kampioenskip op natueriis yn Emmen en bliuwe ek dêrnei it natueriis trou.

De beide Fryske toppers soene yn Hamar de 5000 meter ride. Ted-Jan Bloemen en Koen Verweij binne de ferfangers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)