Alde jassen foar nij ferkocht

07 feb 2012 - 10:35

De plysje ûndersiket de oplichting fan in âld echtpear yn Ljouwert. Om ûngefear healwei fjouweren belle in man by it echtpear oan Achter de Hoven oan. Hy woe se jassen ferkeapje. Omdat de minsken tochten dat it ien fan tsjerke wie, lieten se him deryn.

Mei moaie praatsjes wist hy twa jassen oan de man te bringen. Doe't de man fuortwie, waard dúdlik dat it om twa brûkte en suterige jassen gie.

Trefwurden: 
jassen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)