Utstalling oer alve stêden

De Vereniging De Friesche Elf Steden bestiet presys 105 jier op 15 jannewaris. De organisaasje fan de Alvestêdetocht betinkt dit lustrum net mei ferskate festiviteiten. Dat wie fiif jier lyn wol sa. Galery ZoFier yn Nijskoat lit it jubileumjier lykwols net samar foarbygean en hat in eksposysje mei wurk oer De Friesche Elf Steden. Tsien Fryske keunstners lieten har hjirby net ynspirearje troch de winter en it reedriden, mar rjochten har benammen op de alve stêden sels. De útstalling mei wurk fan ûnder oare Evert van Hemert rint oant 17 maart.