IIstransplantaasjes Frjentsjer
Yn Frjentsjer binne ûnder ferskate brêgen op de alvestêderûte iistransplantaasjes útfierd. De grutste operaasje wie nedich ûnder in brêge by it nijbouplan Witsens yn Frjentsjer. Dêr soargje einen en swannen foar in grut wek yn de Seisbierrumerfeart. Mei 10 ladings donoriis moat alles woansdei wer ticht wêze.
Ek by Rie en Doanjum binne noch grutte wekken.