Stroetinga Frysk kampioen

06 feb 2012 - 16:00

Arjan Stroetinga fan Waskemar is moandei Frysk kampioen maraton op natueriis wurden. Hy hold syn maat fan de BAM-ploech, Jorrit Bergsma, achter him. Bergsma wie de titelferdediger. Beide manlju wiene fierwei de sterksten en sprongen fuort út in kopgroep fan njoggen man.

By de froulju gie de titel nei Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean dy't oppermachtich wie. Op romme achterstân einigen Carolien Hunneman (Easterwâlde) en Marita Hut (Haulerwyk) as twadde en tredde.

It iis op it 1400 meter lange trajekt by Hylpen wie prachtich. Boppedat kaam der in protte publyk op it Frysk kampioenskip ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)