Ek tiisdei fegers frege

© Omrop Fryslân: Ilse Hermanides
It Snitser rayonhaad Wyb Cnossen ropt ek foar tiisdei minsken op om de Alvestêderûte skjin te feien. Moandei is mei help fan frijwilligers alle snie op de Kolk by de Wetterpoarte yn Snits fuortfage. Cnossen die dêrfoar in oprop by Omrop Fryslân dêr't manmachtich gehoar oan jûn waard. Mei in dikke snielaach wol it iis net sterker wurde.
De Geau, it wetter rjochting Drylts, moat noch fage wurde en dêrfoar hat Cnossen in man as 20 nedich. It rayonhaad wol de minsken sammelje op de Geaukade, tiisdeitemoarn om 9 oere.
Ek yn Starum wurde minsken oproppen om mei te helpen mei snieskowen. Rayonhaad Piet Visser hat inkele tsientallen snieskowers regele en hopet tiisdeitemoarn in stik iis tusken Starum en Molkwar sniefrij te meitsjen. Minsken kinne har fan 9 oere ôf melde op it parkearterrein oan de râne fan Starum.