Erwin Zeinstra nei WK fuotbal

15 jan 2014 - 10:18

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp giet nei it wrâldkampioenskip fuotbaljen yn Brazilië. Zeinstra is woansdei troch de FIFA, it wrâldfuotbalbûn, selektearre foar it WK. Zeinstra is mei Sander van Roekel assistint-skiedsrjochter. Björn Kuipers is de haadskiedsrjochter.

It is de tolfde kear dat in Nederlânske skiedsrjochter aktyf is op in eintoernoai. Zeinstra wie earder al oanwêzich op it Europeesk kampioenskip yn 2012, hy die de finale fan de Europa League en de finale fan de lêste Confederations Cup.

It WK begjint op 12 juny mei de wedstriid Brazilië - Kroäsië. Nederlân sit yn groep B mei Spanje, Sily en Australië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)