Posthuma bêste echte bakker

Bakker Posthuma is de bêste echte bakker fan Fryslân. Dat is tiisdei bekend makke op de nijjiersresepsje fan it Echte Bakkergilde. Posthuma hat fêstigings yn Wommels, Boalsert en Snits. De bakker stiet lanlik op it 18e plak. De produkten fan echte bakkers wurde alle moannen kontroleard, ien kear yn it jier wurdt der ek sjoen nei de winkels en de service.
By it Echte Bakkergilde binne 184 bakkers yn Nederlân oansletten.