Drachtster stutsen yn Huizen

14 jan 2014 - 20:18
  • Plysje-embleem

By in stekpartij yn it Noard-Hollânske Huizen is yn de nacht fan moandei op tiisdei in 21-jierrige man út Drachten ferwûne rekke. Dit as gefolch fan in rúzje mei noch twa oare manlju. Nei in melding trof de plysje de trije manlju yn in wenning oan. Dêr die bliken dat de Drachtster en noch in oare man ferwûnings hiene. Se binne nei it sikehûs brocht foar behanneling. Ferfolgens binne alle trije manlju oanholden en nei it plysjeburo brocht. De plysje docht noch ûndersyk nei wat der him krekt ôfspile hat yn de wenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)